Skip to content

SRV#4: Jop Vissers Vorstenbosch

Jop is ûnderweis


VHDG


Residentie periode

za, 01 sep. 2018 / za, 20 okt. 2018

De SRV-wagen

Door de hele provincie. Houd onze socials in de gaten om te zien waar we nu zijn.


Expositie

za, 20 okt. 2018 / zo, 11 nov. 2018

H47

Haniasteeg 47
8911 BX Leeuwarden


SRV#4: Jop Vissers Vorstenbosch

Hoe makkest fan in SRV-wein in sylskip dêr’tst mei op asfalt farre kinst?

Fan 1 septimber ôf reizget de SRV-wein fan Kunstinitiatief VHDG foar de fjirde kear troch Fryslân, dizze kear mei keunstner Jop Vissers Vorstenbosch oan it stjoer. Seis wiken lang is de SRV-wein syn hûs, atelier en ridende eksposysjeromte.

As in aventurier sil Jop Fryslân ûntdekke. Hy fynt silen geweldich en wol dêrom alles witte oer de Fryske sylkultuer. Jop is ambisjeus: hy wol de SRV-wein ombouwe om op wynkrêft fan doarp nei doarp ride te kinnen. Underweis siket de keunstner fakkennis en help om dit foarinoar te krijen. Helpst him syn dream werklikheid wurde te litten?

Mei in maksimumsnelheid fan 25 km/oere mei de SRV-wein allinnich oer lândykjes en B-wegen ride – foar Jop de perfekte faasje om syn omjouwing oandachtich waar te nimmen. Underfiningen en moetingen tsjinje as ynpsiraasje foar syn wurkproses. Nei syn weromkommen presintearret hy it ûnderweis makke wurk by Kunstinitiatief VHDG yn Ljouwert. De eigensinnige keunstner krijt alle frijheid om in bysûndere, eksperimintele tentoanstelling te meitsjen. De iepening op 20 oktober wurdt tagelyk in feestlike ûntfangst foar Jop en de SRV-wein, elk is wolkom!

Jop Vissers Vorstenbosch (1986) is skilder en tekener en kin alles bouwe. Syn atelier is in selsbouhûs. Yn syn wurk ûndersiket hy hoe’t deistige yngrediïnten, lykas autosneldiken en Tl-buizen, har ferhâlde ta skilderkeunst en de wêze dêr’t wy skilderkeunst op belibje.


Kampanjebyld: Heleen Haijtema
Foarmjouwing: Weda

Galery