Ekspo: (plant-in)-different-soil De reade tried troch eksposysje fan Najendra “Nash” Caldera is de ‘plantain’, yn it Frysk bekend as de bakbanaan. Nash tinkt nei oer de ferskillende metafoaren, kulturele konneksjes en symboalyske betsjuttingen fan de plant. In wichtige parallel tusken it transportearen fan de bakbanaan en de Afrikaanske diaspora, lykas de rol dy’t de bakbanaan spilet yn it deistich libben. Nash ynkorporearret ferskes oer de bakbanaan, folksferhalen, persoanlike ferbyldingen en ynterpretaasjes, en fansels de plant sels.
By dyn besite oan de ekspo waanst dy by it ynkommen fuort yn in oare wrâld, meidatst ferwolkomme wurdst mei in soundscape dy’t de sfear fan de ekspo delset. Dêrnei binne der útinoar rinnende wurken te besjen, lykas ûnderskate skilderijen, fideo’s en oare byldzjende wurken. Besjocht bygelyks kôkfideo’s dy’t ynheakje op de trend fan ASMR, of ferskillende beskildere wandkleden dy’t de eigen fyzje fan Nash útbyldzje.
Kom allegear del by de eksposysje (plant-in)-different-soil en stap yn de fuotspoaren fan de ‘plantain’, mei alle tsjustere, prachtige en soms healwize aspekten dy’t by dizze reis hearre. Lit dy ferrasse, ynspirearje en oan it tinken sette troch Nash har wurk. De bakbananeplant plantet himsels fuort fia in rhizoom, dat hjoed de dei yn de filosofy ek bekend stiet as konsept foar gearhing en ferbining. Dus neist it feit dat er in soad útienrinnende ferhalen ferteld wurde kinne oer dizze frucht, stiet it op dizze wize ek foar in konneksje tusken ús allegear.
De bakbanaan a.k.a. plantain De bakbanaan is in famyljelid fan de banaan, hoewol wat minder bekend as dy frucht. In soad minsken witte it ferskil tusken de beide net iens. Mooglik hat dat te krijen mei datst de bakbanaan bakke moatst foardat dy it bêste iten wurde kin (dêrom de namme), en dus wat mear ynspanning ferget. Mar nettsjinsteande dat hat de bakbanaan in hiel rike skiednis, dêr’tst in soad nijsgjirrige parallellen by lûke kinst, lykas bygelyks mei de koloniale skiednis.
De bakbanaan hat syn orizjine yn Azië en Oseänië en is doe yntrodusearre yn Afrika, om dêrnei noch wer letter yn Súd-Amearika telâne te kommen. Dêrwei kaam de bakbanaan yn it Karibysk gebiet terjochte, no wrâldwiid noch altyd yn haadsaak de eksporteur fan bakbananen, en waard it ûnderdiel fan mannich tradisjonele gerjochten dy’t dêr noch altyd klearmakke wurde. Mei de resinte taname fan de globalisearring is de bakbanaan no ek yn de Westerske wrâld rûnom te krijen, mar dochs liket de frucht hjir noch wat minder ynboargere.
Bakbanaan yn kultuer Miskien kenst it ferske “Mister Don’t Touch The Banana”? Dat is in Kubaansk ferske, en dy banaan dêr’t se it oer hawwe, is eins ek in ‘plantain’. Dêr wurde fiedseloffers oan de goaden brocht en prachtich útstald op tafels. Dit is dus net foar minsken bedoeld, mar oait wie der in man dy’t net bekend wie mei dizze tradysje en dy tocht even in lekker banaantsje mei te pakken. De reaksje dêrop wurdt moai yllustrearre yn it ferske!
Tusken de reis dy’t de ‘plantain’ ôflein hat en it slavernijferline binne opfallende ferlikingen te lûken, eat dat Najendra opmurken hat en besleat te ferkennen by ús yn de residinsje. Sy set in oantal dissiplines yn om oan ’e hân fan de bakbanaan dizze skiednis en ek har eigen achtergrûn (Najendra komt fan Curaçao) te ûndersykjen, mar ek oare ynfalshoeken, lykas it plak dat de frucht ynnaam yn kulturele tradysjes, of it seksualisearjen fan fruit lykas dat yn de ‘mukbang’ of ASMR bart.
Design: Başak Kırıcı