Skip to content

“We are There and Here”

Artist-in-Residence: Lu Lin


VHDG

AiR

Ipe Brouwerssteeg 10a
8911 BZ Leeuwarden


Residentie

wo, 01 feb. 2023 / zo, 26 mrt. 2023


“We are There and Here”

Yn febrewaris en maart is keunstner Lu Lin de tydlike bewenner fan it VHDG AiR. Se sil it ûndersyk útdjipje dêr’t se ôfrûne simmer mei begûn is mei har projekt Homesick Restaurant. Hjirmei wol de keunstner in plak kreëarje foar de saneamde ‘expats’, de ynternasjonale bewenners mei in migraasje-eftergrûn fan Ljouwert. It doel is om harren in thúsgefoel ûndergean te litten, en dit ûnderwerp besprekber te meitsjen, troch de wei fan it dielen fan iten. Iten hat grutte kulturele wearde en betsjutting. Binnen it projekt fan Lu tsjinnet iten as middel om ûndersyk te dwaan, ûnwennigens tsjin te gean en ûnderfiningen út te wikseljen tusken ynternasjonale bewenners, waans thús likegoed ‘dêr’ is as ‘hjir’.

Homesick Restaurant
Lu Lin sette Homesick Restaurant op yn 2021 yn gearwurking mei ûndersiker Tanatom Lay. It is tagelyk in reizgjend restaurant foar mienskiplik itensieden, in workshop dy’t it fertellen en dielen fan ferhalen fasilitearret, en in feilige omjouwing om ûnwennigens oan te kaarten mei minsken yn gelikense situaasjes. Foar Nederlanners mei in migraasje-eftergrûn is it mei-inoar klearmeitsjen fan iten in perfekt startpunt foar refleksje oer sosjale en kulturele rituelen, en in peteariepener om te praten oer de manieren dêr’tst dy op oanpast oan in nije en ûnbekende omjouwing. By de workshops wurde de dielnimmers útnûge om har út te sprekken oer gefoelens fan iensumens en harren ûnderfiningen yn it deistich libben as ‘expat’. Yn 2022 wiene der fjouwer edysjes fan Homesick Restaurant yn Ljouwert, yn gearwurking mei Over de Drempel, byldzjend keunstner Jun Zhang en tekstylûntwerper Rosa Mol.

“We are There and Here”
No’t Lu weromkomt yn Ljouwert, is se sels in soarte fan expat: twa moanne lang is se in tydlike ynwenner fan de stêd. Se dûkt djipper yn de tema’s út har eardere ûndersyk, mei in fokus op de fraach: “hoe kinne kulturele ynstellingen in ferwolkomjend en feilich plak kreëarje foar ynternasjonale bewenners?” Hoe sjocht it deistich libben derút foar in ‘bûtensteander’ yn Ljouwert? Hokker barriêres rinst tsjinoan? En op hokker manieren stiet dat partisipaasje oan it kulturele libben yn ’e wei?

Mei dy fragen yn gedachten sil Lu Lin ‘embedded research’ (ûndersyk troch it gearwurkjen mei groepen út de mienskip) tapasse en ynternasjonale bewenners, mar ek lokale minsken, lieders fan mienskippen, minderheden en kulturele ynstituten opsykje. Mei-inoar organisearje se fjouwer publike, kollektive workshops, dy’t foarmjûn wurde om in simpel mar betsjuttingsfol konsept hinne: iten.

Safe Space
De ûnderwerpen oankaart en metoaden tapast yn har ûndersyk binne allegear relatearre oan de kearnfraach fan Lu’s artistike praktyk: “Wat is in ‘safe space’?” Hoe kreëarrest in feilige omjouwing, en foar wa? Hoe kinst soargje foar in gefoel fan feiligens, rekkening hâldend mei ûnderskate kulturele perspektiven? En hoe stiet feiligens yn relaasje ta maatskiplike kategoryen as ras, etnisiteit, sosjale klasse, status en boargerskip?

Lu basearret har begryp fan feiligens op trije essinsjele minsklike ferletten: klean, ûnderdak en iten. Om de konsepten ‘safe space’ en ‘feiligens’ yn ús mienskip te ûndersykjen, siket Lu ferskillende groepen minsken op en nûget harren út om mei-inoar te wurkjen en diel te nimmen. Mei-inoar ûndersykje se hoe’t minsken har hâlde en drage om dizze essinsjele ferletten hinne en hoe’t dat gedrach beynfloede wurdt troch sosjale omstannichheden en maatskiplike kategoryen.


Foto: Rosa Mol

Out of Blue Dinner - Neushoorn Café

a:1:{i:0;s:26:"

Foto's: David Vroom

";}