Skip to content

VHDG Hagekuier

fan keunstner Bart Eysink Smeets


VHDG

Vossepark/Transvaalwijk

Harlingerstraatweg 1
8913 AA Leeuwarden


Lancering

za, 15 okt. 2022 - 14.00 / 15.00


VHDG Heggenwandeling

za, 15 okt. 2022 / zo, 15 okt. 2023


VHDG Hagekuier

Kuierje no de ‘VHDG Heggenwandeling’ fan keunstner Bart Eysink Smeets! Yn gearwurking mei Kunstinitiatief VHDG hat Bart in audiotoer opnommen yn de wiken Transvaalwijk en Vossepark, lâns de moaiste, ynteressantste en strakst knipte hagen fan Ljouwert. Mei de bybehearrende audiotoer en rûtekaart kinsto sels op elk momint datst mar wolst de kuier rinne. Mei de audiotoer dielt Bart syn gedachten en befiningen oer de spesifike eksimplaren yn dy buerten en nimt er dy mei yn syn ûndersyk nei de rol fan de hage yn de mienskip. Boppedat rikt er in ‘gouden haachskjirre’ út oan de eigener fan de bêst knipte hage!

Wêrom knippe wy ús hagen einliks sa strak? Hoe frij binne wy echt yn it bepalen fan de foarm fan in hage? Is dat mooglik ûntstien fanút in ynstinktyf stribjen nei struktuer? Jouwe wy einliks mei ús allen belies foar in sosjale groepsdruk? Is it in ekspresje fan in stikeme artistike frije geast? Of stiet it symboal foar in perfeksjonistysk tinken yn hokjes?

Keunstner Bart Eysink Smeets is al sûnt syn residinsje by VHDG yn 2021 op syk nei it antwurd op dy fragen. Sa hat Bart foar syn artistike ûndersyk bygelyks al keamerplanten en blommen fjouwerkantich knipt, in rotonde folplante mei alderlei soarten fegetaasje om dêr ien grutte, fjouwerkantige hage fan te meitsjen, én Instagram-account @heggenmetbart opset, dêr’t regelmjittich de boeiendste hageweetsjes op dield wurde.


Ik wol de VHDG Heggenwandeling rinne, wat no?
Start op de stoepe foar Harlingerstraatweg 1, 8913 AA Ljouwert (net oanbelje s.v.p.). Soargje datst in smartphone en earkes of in koptelefoan by de hân hast! Pak fia dizze pagina de audiotoer en de rûtekaart derby, en kuierje mar!

Gjin Spotify? Hjir kinst de audiotoer ek fia Soundcloud fine. De audiotoer is ek op alle oare grutte podcast platfoarms te finen!


Foto: Jonathan Doorduin

VHDG Heggenwandeling - routekaart

a:1:{i:0;s:45:"

Ontwerp: Niels Lunter

";}