Contemporary Glory (CG) bestiet út Charlien Adriaenssens (1988) en Louis van der Waal (1979). Charlien Adriaenssens studearre ôf oan de Rietveld Academie yn de rjochting ‘Beeld en Taal’ en hat in multydissiplinêre byldzjende keunstpraktyk, wêryn’t it skreaune en sprutsen wurd in grutte rol spilet. Fierder is se as programmeur belutsen by eksperimintele keunstynstelling WORM yn Rotterdam. Louis van der Waal hat in achtergrûn as akteur en teätermakker. Hy wurket ek mei ‘tradisjonelere’ teäterselskippen, aktearret yn searjes en films, en makket yn gearwurking mei keunstners en muzikanten foarstellingen tusken performance en byldzjende keunst yn.
Typysk foar CG is de wize wêrop’t teäter, performance en byldzjende keunst fanselssprekkend gearrane ta in nije, medium-oerstiigjende keunstfoarm mei in alhiel eigen logika en byldtaal. It duo is fêstige yn Rotterdam, mar ek ynternasjonaal hiel aktyf. As kollektyf belûke se geregeld oare keunstners en makkers: sûnt 2017 wurkje se yntinsyf gear mei de Kongoleeske keunstner Eddy Ekete en treden se meardere kearen op by it performancefestival KinAct yn Kinshasa, Demokratyske Republyk Kongo. Yn Nederlân en België wurkje se graach mei Wolf Engelen, Jip van der Hek, Roxy Capriles/Friendly Stalking en Hajo Doorn/De Vrolijke Brigade, it muzykperformance-kollektyf fan Mauro Pawlowski/ Ferdnnd, yn Zürich mei Ilya Komarov en Trixa Arnold/Freies Musiktheater.
CG is spesjalisearre yn it meitsjen fan ynteraktive performances en ymprovisaasjeteäter yn de publike romte. Se stelle op in frijmoedige manier fragen oer aktuele, lokale en alledeiske ûnderwerpen. Se wolle in spûns wêze, sizze se sels, foar wat der spilet op in bepaald plak en wat de ynwenners dwaande hâldt. Mei harren absurde, oansteklike en dochs ek sensitive foarm fan ymprovisaasjeteäter meitsje se dy kwestjes sichtber en besprekber. It duo is engazjearre en wurdt dreaun troch polityk en sosjaal aktivisme. Ien fan harren ynspiraasjeboarnen is it konsept fan pleasure activism, yn de wurden fan auteur en aktivist foar sosjale rjochtfeardichheid adrienne maree brown: “Making justice and liberation the most pleasurable experiences we can have. Learning that pleasure gets lost under the weight of oppression, and it is liberatory work to reclaim it.” Koartsein, sosjale rjochtfeardichheid berikke troch fan aktivisme in plezierige aktiviteit te meitsjen. CG fertaalt dat nei in wurkwize fan ferbining en yn dialooch gean troch mei-inoar keunst te meitsjen. Dêryn blinkt CG út: it útlokjen fan boartlikheid en spontaniteit. Se diele it plezier fan it meitsjen mei harren publyk, troch mei-inoar wat ûntstean te litten. Ut de ynterdissiplinêre oanpak fan it kollektyf ûntstiet in crossover tusken teäter, performance, film en byldzjende keunst: in spannende, ynspirearjende edysje dy’t ferskate publyksgroepen oansprekke kin en aktyf belûkt.