Skip to content

Lee McDonald


Lee McDonald

Lee McDonald (1979) studearre yn 2019 ôf oan it Frank Mohr Instituut yn Grins, tagelyk mei Kimball Gunnar Holth, Salim Bayri Langa en Henry Byrne. Syn grutte ynstallaasjes wiene ûnder mear te sjen by Big Art 2020 en 2021. Ofrûne simmer wie syn solopresintaasje yn De Bierumer School yn Bierum te sjen.Yn 2021 wûn hy in award yn de kategory ‘Installation’ fan The One Minutes International Competition 2021 yn Sjina.

 

Yn syn wurk test en ûndersiket Lee de reaksje fan meganyske prosessen op ferskate materialen. Tink oan fûne foarwerpen, recycle motorûnderdielen en oare brûkte foarwerpen. Mei dizze foarwerpen wurdt sa eksperimintearre, dat alles úteinlik yn beweging komt. De measte wurken fan Lee fereaskje publykspartisipaasje en binne dus ynteraktyf. Druk in knop om, set in skeakeler om of raas. Pas dan komst derachter wat it wurk fan Lee McDonald docht. Klinkt spannend, dochs?

 

Foto: David Vroom