Skip to content

Leendert van Accoleyen


Leendert van Accoleyen

In wichtich tema út Leendert syn praktyk is dat it wurk sintraal stiet. Syn wurk komt net foar út in tak-eyning fan in artistike identiteit fan him as meitsjer, om it dêrnei te befestigjen. Ek hat syn keunst gjin tekst nedich. It keunstobjekt moat net allinne tsjindien as in soart fan fysike metafoar foar in konsept. Yn sa’n gefal is it hast as soe it konsept it keunstwurk wêze, net it presintearre wurk. Leenderts doel is om wurken te skeppen dy’t foar harsels sprekke. Sa binne der ferskate ynterpretaasjes mooglik. Sjochsto der wat oars yn as wat Leendert bedoelde? Dat is goed, want dat skeppet dialooch.

Dizze gedachte foarmet ek de basis fan hoe syn wurken ta stân komme. Leendert lûkt net earst in plan út dêr’t er dêrnei de nedige materialen by siket. Yn plak dêrfan fynt er wat him oansprekt, en lit it foarwerp him liede yn it omfoarmjen ta in keunstwurk. Leendert makket gjin nije dingen. Der is al sa folle. Yn plak dêrfan fynt, sammelet en assemblere hy. Dit jout ek frijheid. Assto materialen keapest, moatst earst oan jild komme. Assto dat ien kear hast, kinst it mar ien kear útjaan, wat mear druk leit op it meitsjeproses. It moat yn ien kear goed, wantsto dochst der wat foar op. Dêr hat Leendert mei syn wurk gjin lêst fan. Troch te herarjangearjen wat der al is, hat er neat te ferliezen. Wa’t neat te ferliezen hat, is frij.