Nash Caldera is in byldzjend – en performancekeunstner. Yn har keunst ûndersiket se har identiteit as Black Queer Woman. It koloniale ferline yn it Karibysk gebiet, religy en spiritualiteit spylje hjirby in grutte rol. Nash nimt dy mei op ûntdekkingstocht troch har libben. Se lit dy sjen hokker ynfloed de tema’s hawwe op har hjoeddeistige libben.
Nash Caldera groeide op mei de Afro-Karibyske religy Santeria, dêr’t byleauwe en rituelen in grutte rol yn spylje. Dit sjochst werom yn har performances. Se fertelt har ferhalen troch de wei fan rituelen. Dit makket dat har keunst werkenber wurdt foar de sjogger. Oan ’e hân fan in spirituele reis wakkeret Caldera de emoasjes fan har publyk oan. Sûnt koart is de keunstneres begûn mei in ûndersyk nei de talen dy’t se behearsket. Hoe fertale dy har ta har tinzen? Nash Caldera brûkt fotografy, fideo, ynstallaasjes en kollaazjes om har keunst ta libben te bringen.
Foto: filmstill út fideo wurk Nash Caldera