Skip to content

Natalia Papaeva


Natalia Papaeva

Natalia Papaeva (Rusland, 1989) groeide op yn Boerjatië, een autonome republyk yn East-Siberië. Sûnt 2013 wennet en wurket se lykwols yn Nederlân, dêr’t se yn 2018 ôfstudearre oan de Haachske Koninklijke Academie voor Beeldende Kunst. Mei har ôfstudearfilm Yokhor wûn se sawol de ôfdielingspriis fan de KABK as de TENT Academy Award. Yn 2019 waard Papaeva nominearre foar de Sybren Hellinga Keunstpriis. Yn 2020 krige se in Wurkbydrage Jong Talent fan it Mondriaan Fonds.

 

Yn har rauwe en yntinse fideoperformances ûndersiket Natalia har relaasje mei taal en kulturele identiteit. Wa bist as net ien dyn thúslân liket te kennen en dyn memmetaal driget te ferdwinen? Hokker ynfloed hawwe emigraasje en yntegraasje op dyn kulturele identiteit? En mei hokker wurden joust foarm oan wa’tst bist en wêr’tst wei komst? Yn har fideo’s en performances jout Papeava in stim oan dizze betizing en ferkent se wat soks docht mei jins identiteit.

Foto: Marijn Smiers