Skip to content

SMET


SMET

Fan 1 novimber oant en mei 16 desimber sil it keunstnersduo SMET syn yntrek nimme yn ús Artist in Residence-ferbliuw yn de Hania. SMET bestiet út de keunstners Matt Plezier en Setareh Noorani. Twa keunstners út oare generaasjes en mei in ferskillende achtergrûn, mar mei in sterk dielde fassinaasje foar lokale skiednissen, fergetten ferhalen, stedsûntwikkeling en mienskipsfoarming yn in stêd. Earst sille se foaral op ferkenning gean troch Ljouwert en oan ’e hân fan persoanlike ferhalen en moetingen de skiednis fan de stêd yndûke. Yn de hjerst fan 2023 komt it duo werom nei Ljouwert foar in yntinsive perioade fan workshops, aktiviteiten, keunst en publikaasjes foar de lokale mienskip en elkenien dy’t belangstelling hat.

Tsjinkultuer en selsorganisaasje
Matt en Setareh kenne elkoar út de wrâlden fan de tsjinkultuer, de kreakbewegingen en de hardcore punkmuzyk: dat binne plakken dêr’t mienskippen dy’t tsjin de dominante kultuer yngeane, romte meitsje foar eigensinnige keunst en muzyk. Setareh organisearret eveneminten foar eksperimintele noise en ambient muzyk en ûndersiket noasjes lykas queering en feminisme yn de arsjitektuer yn ferskillende stedsomjouwingen. Matt is nei syn libben yn de hardcore punkscene de wrâld fan de self-publishing yndûkt en dielt sa ferhalen en bylden fan alternative stedskultuer. Dy counterculture- en D.I.Y- mentaliteit is yn in soad aspekten fan harren wurk werom te finen.

De reade tried
By harren eardere residinsjes yn Hoorn (by Hotel Maria Kapel), yn de Bijlmer, Amsterdam (foar The Black Archives) en yn Nijmegen (mei de Biënnale Gelderland) begûnen se op deselde manier. Se sjogge wat der libbet op dat plak, hokker ferhalen de minsken dêr hawwe en ûndersykje yn ’e mande mei de lokale partnerorganisaasjes wat ‘mienskip’ op dat plak betsjut. Mienskip is in wurd dat gauris brûkt wurdt, mar dat minsken faak oars belibje en oantsjutte. Hoe wurket in mienskip, en wat merkst dêrfan, ast der ûnderdiel fan bist of wannear’tst der just net by hearst? Watfoar mienskip is it meast of minst sichtber, en wêrom? Binne der bedrigingen foar sa’n mienskip?

Wat al dy projekten yn de ferskillende stêden meielkoar ferbûn, wienen de ideeën fan selsredsumheid en kollektiviteit. Yn Hoorn ûntduts SMET de skiednis fan de kreakbeweging yn de stêd en organisearre oan ’e hân dêrfan workshops foar stedsbewenners – foar jong en âld – oer hoe’t je troch keunst, kultuer en gearwurkjen sosjale koheezje stimulearje kinne en de stêd nei je hân sette kinne.
Yn de Bijlmer ûntdutsen Matt en Setareh ferhalen oer wenningneed, oer it gebrek oan sosjale foarsjenningen en de ûngelikens yn de lokale maatskippij. Wat harren ek opfoel, wienen de grutte lege plakken tusken de flats dy’t net brûkt waarden troch de bewenners fan de ferskillende blokken. Dat koenen se op in ynteressante manier keppelje oan de (romtlike én aktivistyske) skiednis fan de Bijlmer en in (nije) kreakkultuer.

Yn Nijmegen kombinearren se it gearwurkjen mei lokale partners (keunstners en keunstromten yn selsbehear) mei argyfûndersyk. Se fûnen weardefolle mar fergetten skiednissen, bygelyks yn partijferienigingen, de lokale kreakkultuer of swart aktivisme. Dat late ta in projekt oangeande it publyk tagonklik meitsjen fan dy argiven én aktivearjen fan dy argiven dat mooglik ta nije foarmen fan aktivisme yn it hjir en no liede sil.

Undersyk fan de AiR
Ek yn Ljouwert ûndersykje se de skiednis fan tsjinkultuer, dy’t as ynspiraasje jilde kin foar in alternative takomst foar de stêd. De Hania, in âld skoalgebou, oait kreake yn de tachtiger jierren troch keunstners en no in libbene mienskip, foarmet dêryn in perfekt startpunt.

Mei harren opdiene ûnderfining op oare plakken yn Nederlân, mei harren D.I.Y.-mentaliteit en relevante teoryen ûndersykje se sosjaal-maatskiplike aspekten fan in stêd en geane se op syk nei wat hjir libbet. Fia de social media sille se de fuortgong fan harren ûndersyk diele, en wy sille dizze pagina ek update neigeraden dat it projekt mear foarm krijt.

Wolst graach mei SMET yn kontakt komme en dyn ferhaal oer Ljouwert diele? Stjoer dan in mail nei contact@vhdg.nl