Skip to content

AiR: Bernando Zanotta

The Private Eye, The Public Ear


VHDG

H47

Haniasteeg 47
8911 BX Leeuwarden


Expositie

za, 21 aug. 2021 / zo, 12 sep. 2021


AiR: Bernando Zanotta

THE PRIVATE EYE: THE PUBLIC EAR is in ynstallaasje fan keunstner Bernardo Zanotta. Yn it wurk ferfrisselje de ferhalen fan karakters út it toanielstik ‘Equus’ fan Peter Shaffer út 1973 har mei de persoanlike ûnderfiningen fan Fryske dielnimmers út de queer mienskip, dy’t stikken út it toanielstik foarlêze. THE PRIVATE EYE: THE PUBLIC EAR giet oer ferhoaljen of krekt opbychtsjen, en hoe’t it dielen fan it persoanlike ferhaal bydraacht oan it werskriuwen fan in mienskiplike (queer)skiednis.

It orizjinele teäterstik Equus (1973), dat as ynspiraasje tsjinnet, is in fiktyf psycho-analytysk stik dat him ôfspilet yn in provinsjaal plak yn Ingelân. In stâljonge yn syn tienerjierren hat in misdied begien; seis hynders binne troch him blyn makke. It stik is mooglik ynspirearre troch in bekende saak fan Freud, dêr’t in hynstefoby by sintraal stiet foar ûnderdrukte seksualiteit.

De ynstallaasje, kreëarre troch keunstner Bernardo Zanotta en makke yn gearwurking mei Fryske dielnimmers, bringt it stik út ’73 op ’e nij ta libben yn in Fryske kontekst en is as ynstallaasje te belibjen yn eksposysjeromte H47 yn Ljouwert.

Oer Bernardo Zanotta en it makproses:

Bernardo Zanotta (1996) is Braziliaanske filmmakker, byldzjend keunstner en skriuwer. Syn films binne ynternasjonaal fertoand en priizge op manifestaasje as Locarno Filmfestival, Queer Lisboa en Vilnius Film Festival. Zanotta hat in Bachelor yn Moving Image behelle by de Gerrit Rietveld Academie yn Amsterdam, dêr’t ern koartlyn ek in research fellowship die.

Yn de tiid fan it makproses fan THE PRIVATE EYE: THE PUBLIC EAR ferbleau Zanotta yn de artist residency fan VHDG yn it Haniahôf yn Ljouwert, mar die er yn tiden fan de koroana-lockdown ek in soad online ûndersyk. Hy besocht lokaasjes – stâl, maneezje, buorkerij – en kaam yn ’e kunde mei Friezen út de queercommunity. Ek naam it wurk hieltyd nije foarmen oan, fan in workshopsearje oant teäterstik, oant koartfilm en fideo-ynstallaasje. Uteinlik, skriuwt Zanotta, ‘waard dit allegear yn ien.’

Hoewol’t it orizjinele Equus situearre is yn in provinsjaal stedsje yn Ingelân, hie it neffens Zanotta elk provinsjaal plak as dekôr hawwe kinnen. ‘It tsjûget fan in universeel soarte idylle fan isolearre plakken en toant wat it betsjut om op sa’n plak op te groeien as queer persoan.’ Ljouwert, mei syn ôfhandige lizzing yn Nederlân, wie foar Zanotta al gau net inkeld mar in dekôr of ferbliuwplak, mar waard ek in natuerlik ûnderdiel fan syn wurk.


KURATOR | Nia Konstantinova | DIELNIMMERS | Frans Dressens, Brent Jaeger, Quinten Visser, Lucas Klompstra, Anton Felipa, Niek Horst | CINEMATOGRAFIE | Joost Wierenga | OANFOLJENDE KAMERA | Raydrick Feliciana | ASSISTENT D.O.P | Katie Ceekay | GRAPHIC DESIGN | Dirk Verweij and Medeina Musteikyte | LOKAASJE | Stefano Dooijes, Reg Mulder | PRODUKSJE | Gisanne Hendriks, Hillebrand Rijpma | PROJEKT KOÖRDINATOR | Agnes Winter | ARTISTYK ADVISEUR | Antonis Pittas | PR | Anna Lillioja, Mees van Rijswijk | OPBOUW | Klaske Kok | FUNDRAISING | Arda van Tiggelen | SPECIAL THANKS TO | Anton Felipa, Renate Vasterd, Hinke-Ann Eleveld, Wendy Viel, SIGN, Esther v der Pas | MADE WITH THE SUPPORT OF | Mondriaan Fonds, BankGiro Loterij, Gemeente Leeuwarden, Provincie Fryslan

Galerij