Skip to content

Europe. The Odyssey.

Tentoanstelling: Alina Lupu


VHDG

H47

Haniasteeg 47
8911 BX Leeuwarden


Expositie

vr, 10 feb. 2023 / zo, 12 mrt. 2023


Europe. The Odyssey.

Dizze winter presintearret VHDG in tentoanstelling fan keunstner Alina Lupu: Europe. The Odyssey. Mei byld, fideo en lûd nimt Alina Lupu ús mei yn har refleksjes oer it idee fan bewegingsfrijheid dy’t byinoar komme yn dizze eksposysje om it konsept ‘wachtsjen’ hinne. Yn de tiid fan har residinsje by ús yn 2022 ûnderfûn Alina in sterk kontrast tusken har eigen hinne-en-wer reizgjen troch Nederlân en de krisistastân yn Ter Apel. Sa begûn se de flechtlingekwestje út ferskillende ynfalshoeken wei te ûndersykjen, wat útrûn op it meitsjen fan in eigen reis nei Turkije, oer lân en see, Europa út, en dêrnei wer werom; in hjoeddeiske odyssee.

De (ûn)frijheid om te gean en stean dêr’tst wolst
Alina Lupu wie de hiele moanne septimber fan ferline jier yn residinsje by VHDG. Se rûn troch Ljouwert en besocht de dynamyk fan de stêd te begripen troch de lins fan wurk en wurkûnwissens, in deistige realiteit yn it libben fan in keunstner. Yn dy moanne reizge se ek yntinsyf tusken Amsterdam – har thús –, Ljouwert – de residinsje –, en De Haach – har stúdzje. Se hie oer it algemien folsleine bewegingsfrijheid yn Nederlân en dêrmei de mooglikheid fan net ien, mar twa tydlike wenningen.

Yn deselde tiid as har ferbliuw ûntstie der in humanitêre krisis yn Ter Apel, ek yn it Noarden fan it lân. It flechtlingesintrum yn Ter Apel rekke oerfol, sadat minsken twongen waarden om bûten te sliepen, ûnder de bleate himel. De regearing seach him needsake nei in oplossing te sykjen, mar dy bleau lang út. Alina begûn it medialânskip, de grutte hoemannichte oan nijsberjochten, om de flechtlingekrisis yn Ter Apel hinne yn kaart te bringen. Sa stelde se foar harsels in deistich trefwurdalarm op Google yn, mei as gefolch dat har mailbox folstreamde mei berjochtjouwing oer de krisissituaasje. Alle dagen ûnderfûn se it gefoel fan machteleazens: om fan in ôfstân ta te sjen hoe’t Nederlân as har gastlân de situaasje oanpakte en yn byld brocht.

Doe’t se letter dat jier de kâns krige om nei Turkije te reizgjen, besleat se de reis oer lân en see te meitsjen – yn stee fan mei it fleantúch – om sawol de krêft fan har paspoart as de tragens fan it reizgjen troch ‘Fort Europa’ (in term dy’t wiist op hoe’t it ferkear en de hannel oer de grins fan de EU oan bannen lein is; Europeesk proteksjonisme en it bûten hâlden fan flechtlingen), oer meardere grinzen hinne, better te ûndergean. Alina’s tinzen oer it ferbliuw yn Ljouwert en har folle reizgjen waarden sa foarme troch de tsjinstelling fan de bewegingsfrijheid dy’t in Europeesk paspoart biedt en de beheiningen dy’t de flechtlingestatus mei him meibringt.

De wachtkeamer
De keunstwurken dy’t út har ferbliuw yn Ljouwert, har fertrage reis troch Europa en har refleksjes fuortkomme, boartsje om mei it konsept fan wachtsjen: wachtsje om fuort te gean; wachtsje op in lange trochreis; wachtsje om in bestimming te berikken; wachtsje om in grins oer te stekken; wachtsje om op in idee te kommen; wachtsje om in tentoanstelling te meitsjen; wachtsje op de earste besiker.

Fan 10 febrewaris oant en mei 12 maart fertoant Alina Lupu yn Kunstruimte H47 wurken dy’t fuortkomme út har persoanlike situaasje fan frijheid en stabiliteit en har ûnderfining fan beheiningen hjirfan yn it libben fan in oar. It libben fan de flechtling stiet yn de wachtstân, yn ûnwissens oer de takomst, oer de nije bestimming. Unwissens om ergens bliuwe te kinnen, om der in nij libben opbouwe te meien.

Hoe ferhâldst dy ta in krisis en it libben yn ’e wachtkeamer asto de einbestimming al berikt hast? Hoe ferhâlde minsken har ek ta de ûnwissens fan de reis, ta ûngelokken ûnderweis, ta reizgjen yn in stadiger tempo? Hoe ûndergiet ien in reis as dy útsichtleas liket? En wat betsjut it om echt ergens oan te kommen?


Design: Michiel Teeuw Stipe troch: Mondriaan Fonds, Gemeente Leeuwarden, Provincie Fryslan

Iepening tentoanstelling Europe. The Odyssey.

a:1:{i:0;s:26:"

Foto's: David Vroom

";}