Club VHDG presintearret fan 17 novimber oant en mei 10 desimber yn Kunstruimte H47: har allerearste eksposysje ‘Modern Traditions’. Yn gearwurking mei Keunstwurk is dizze eksposysje folslein ta stân kommen mei lokale makkers en jonge keunstprofesjonals. Sy stapten út harren komfortsône troch in nije rol oan te nimmen binnen Club VHDG, lykas kurator, designer, produsint, tekstskriuwer of PR-meiwurker. Kunstruimte H47 wurdt omtovere ta in húslike romte dêr’tst yntime wurken oer in thús, feiligens en iensumens bewûnderje kinst makke troch fjouwer noardlike keunstners: Griet Reitsema, Lisa Bommerson, Fleur Stoltenborgh en D. Arjen.
Modern Traditions
Huzen fersêftsje. Wy komme der byinoar of binne der allinnich. Wy nimme der ôfskied, sjogge elkoar wer, wy tinke, bouwe, meitsje en binne. Dizze eksposysje lit spoaren sjen fan it plak dat wy thús neame. In plak dêr’t wy it meast kwetsber en it meast ússels wêze kinne. As besiker wurdst ûnder de eksposysje ‘Modern Traditions’ omjûn troch húslike tafrielen en konfrontearre mei tema’s as feiligens, iensumens en frijheid. Hoe ûnderfynst do dyn thús?
Griet Reitsema
Freegje oare keunstners en keunstleafhawwers oer it wurk fan Griet en se sille sizze dat se talint hat, mar nettsjinsteande dat stapt se net faak nei de foargrûn. Har hânwurk is raffinearre en har keramyk ambachtlik. Har perspektyf is breed, mar har tema is húslik. Griet is ynspirearre troch de hûntsjes fan Jan Steen. De wurken spylje har ôf yn Griet har eigen omjouwing. Mei libbene tafrielen en foaral ek it meidwaan fan hûnen, fûnen har hânwurken har wei nei dizze eksposysjeromte.
Lisa Jasperina Bommerson
Lisa makket tekeningen fan har deistich libben. Se hâldt har ûnderwerpen hiel ticht by, en werkenber foar elkenien. Bygelyks in breatafel of in selsportret. Wy ha nammentlik sels allegear in byld fan ús eigen lichem en de measte minsken ite in moarnsbrochje. Yn dizze eksposysje lit se in húslike setting sjen, yntym en detaillearre. In symboal fan de tinzen dêr’tst yn fersinke kinst ast feilich thús sitst.
Fleur Stoltenborgh
Fleur boartet mei de werklikheid. Se makket fotografysk wurk dêr’t objekten faak de haadrol yn ha. Troch objekten te finen en dêrnei assosjatyf te oarderjen, ûntwikkelet Fleur in byldrym wêrtroch’t surrealistysk, soms justjes absurdistysk wurk ûntstiet. Foar ‘Modern Traditions’ lit Fleur in bank om yn te sliepen sjen, mar de kessens dy’t foar in sêft sitflak soargje, lizze net netsjes. Har wurk eaget fersêftsjend, en uteret him foaral as grappich en ferrassend.
D. Arjen
Arjen is in keunstner dy’t troch tekstyl, skilder- en kollaazjekeunst omgiet mei syn eigen ûnderfiningen fan iensumens en groanyske sykte. Syn hûs is feilich, mar it is ek it plak dêr’t er drege dingen trochmakket, Arjen kreëarret mei syn wurk in safe space, en hjit de oanskôger wolkom om dêrbinnen te sjen. Troch it brûken fan kompjûter generearre patroanen mingt mei breid- en borduerwurken makket er sêfte wurken dy’t gean oer grimmige ûnderwerpen. Yn dizze eksposysje lit Arjen ien fan syn breidwurken sjen dat in fertolking is fan in hielingsproses dat er trochmakke hat.
Club VHDG
By Club VHDG kinne jonge makkers út it Noarden eksperimintearje, sa as in nije rol binnen in produksje besykje en harren talint en kennis brûke om mei-inoar nei in moai evenemint of eksposysje ta te wurkjen. Under it proses wurde de Club leden stipe troch Teodóra róka en sjogge se yn ’e keuken fan VHDG. Ek is der mooglikheid om mei te dwaan oan nijsgjirrige workshops of maksesjes, neffens it ferlet fan ’e makkers út de groep. Dy wurde faak yn oparbeidzjen mei oare lokale keunstynstellingen of makkers organisearre. Op dizze wize kreëarret VHDG kânsen foar jonge keunstners en profesjonals om te groeien binne harren ekspertize of wat hiel nijs te learen.
Iepening
Modern Traditions wurdt holden yn Kunstruimte H47 en sil feestlik iepene wurde troch Club VHDG op freed 17 novimber om 16:30 oere.
Gearwurkingspartner Keunstwurk organisearret op datselde stuit ek in byhearrende netwurkbuorrel yn poppoadium Neushoorn. Kinst inoar dêr moetsje en it thúsgefoel binnen en bûten de kulturele sektor fan it Noarden ûnderfine!
Nei de iepening is de eksposysje ‘Modern Traditions’ oant en mei 10 desimber alle wiken fan woandei oant en mei snein te besjen fan 12.00 oant 17.00 yn Kunstruimte H47.
Wolst mear witte oer Club VHDG of ek meidwaan? Klik HJIR!
Design: Afrida Adema Partner: Keunstwurk