Kunstinitiatief VHDG is op ’e siik nei in flitsend, ferfrissend keunstwurk dat der gewoan om freget fan alle kanten besjoen te wurden. In tydlik keunstwurk dat ien moanne lang, dei en nacht, te sjen is op de rotonde oan de Julianaleane yn Ljouwert. Hast ít keunstwurk dat fan de rotonde mear makket as in sokkel? Dat it idee fan ‘rotondekeunst’ folslein op syn kop set? Of in nij perspektyf jout op de publike romte yn Ljouwert?
It wurk moat stevich genôch wêze foar in libben fan ien moanne op de rotonde. Ferras ús – en de rotondekeunstsjogger – mei in keunstwurk dat de wrâld ynsjocht fan dizze eksakte koördinaten ôf: 53.189021, 5.786966, en dat útnûget om fan alle kanten bewûndere te wurden. Wy wolle foarbygongers en omwenjenden ferrasse, oan it tinken sette en de publike romte spannend meitsje.
It honorarium is foar de oanpassing fan in besteand wurk.
Specifikaasjes foar ynstjoeren:
- Stjoer dyn ynstjoering foar 4 april nei opencall@voorheendegemeente.nl
- Ofbyldingen (op syn meast 5) fan it wurk datst foarstelst foar op de rotonde. In fideo oanleverje fia in link of yn een apart bestand.
- Koarte omsskriuwing fan it wurk datst foarstelst foar op de rotonde (maks. 300 wurden).
- Koarte omskriuwing fan dyn artistike praktyk en wurkwize (maks. 150 wurden)
- Ympresje fan dyn wurkwize of eardere projekten yn de foarm fan trije foarbylden fan earder wurk (in foto en koarte omskriuwing per wurk).
- Bist in profesjonele keunstner: bist aktyf yn Nederlân en stiest ynskreaun by de KvK.
Ynfo:
- De útslach is 20 april.
- Honorarium: 3500 euro, materiaalbudzjet: 1000 euro, reiskosten: maks. 250 euro (bedragen ynclusyf BTW)
- Lokaasje rotonde
- Link
- It ferkear mei gjin hinder ûnderfine fan it wurk. It wurk stiet dei en nacht bûten. It wurk moat stoarm- en hufterproof wêze. It wurk kin spitigernôch net fersekere wurde.
- Produksje: Bist by stean it keunstwurk selsstannich op- en ôf te bouwen. Der is produksjonele stipe fanút VHDG oanwêzich.
- Feestlike iepening of publyksevenemint keppele oan de lansearring op de rotonde, of in knallende ôfsluter yn oerlis mei it team VHDG.
Design: Niels Lunter