Begjin 2021 ferbleau keunstner Bart Eysink Smeets inkele wiken yn de Artist in Residence yn de Haniahof. Yn de tiid fan syn residinsje by VHDG Ljouwert is Bart begûn mei it ûndersykjen fan ‘de hage’.
De net-skreaune sosjale regels oangeande de foartunen binne behoarlik twingend en buorlju bringe inoar yn ’t sin de hagen strak te hâlden, mar hoe logysk is it om in plant yn in tinkbyldich hokje te pleatsen? Om dit sjen te litten, is hy begûn keamerplanten en blommen fjouwerkant te knippen. En net sûnder direkt resultaat: online krige hy hjir sels inkele negative opmerkingen op, fan minsken dy’t it op de ien as oare wize begrutlik fûnen foar de planten.
Ut dit ûndersiket ûntwikkelet Bart no in permanint keunstwurk foar op de rotonde op de Nobelwei yn Ljouwert. It is in organysk wurk, dat mei de tiid evoluearje sil.
Wy wolle noch net te folle ferklappe, mar ynkoarten wurdt in grut oantal beammen en planten op de rotonde plante. Hâld ús socials yn ’e gaten.
Help mei it keunstwurk fan Bart te plantsjen!
Earder dit jier ferbleau keunstner Bart Eysink Smeets al inkele wiken yn ús Artist in Residence yn de Haniahof. Miskien heuge jim noch de ferfrjemdzjende plaatsje dy’t hy makke fan keamerplanten: de bledsjes kreas yn in fjouwerkant snoeid.
Bart is drok dwaande mei it earstfolgjende VHDG-rotonde-projekt. It is in organysk wurk dat mei de tiid evoluearje sil. De rotonde (sjoch plaatsje) sil dus meardere jierren troch Bart beset wurde! Wy wolle noch net te folle ferklappe, mar jim wol alfêst útnûgje foar it grutte, mienskiplike startskot.
Ferwachtsje datst dyn hannen út ’e mouwen stekke moatst, want de hiele rotonde moat folplante wurde mei beammen en strûken. Foar it graven hawwe wy ark, foar de toarst in lekker waarm drankje.
Hokker griene fingers sjogge wy dêr? Hâld rekken mei in pear oerkes wurk. Eksakte tiid folget. Lit ús witte fan dyn ynteresse fia dit formulier.
Byld: Bart Eysink Smeets