Skip to content

SRV #9: Contemporary Glory

Frankenstein in Friesland



Residentieperiode 1

zo, 16 jul. 2023 / zo, 06 aug. 2023


SRV #9: Contemporary Glory

Al njoggen jier toert ús reizgjend keunstatelier troch Fryslân. Eartiids in âlde SRV-wein, no in omtsjoende brânwachtauto. Underweis meitsje keunstners as se net achter it stjoer sitte nije keunstwurken, ynspirearre troch de lokale omjouwing en moetingen mei ynwenners. Ek fan ’t hjerst geane keunstners op ’en paad en presintearret VHDG: Contemporary Glory, besteande út Charlien Adriaenssens en Louis van der Waal. Yn oktober reizget dat sensasjonele duo trije wiken troch Fryslân foar it meitsjen fan in unyk fideokeunstwurk oer meunsters, demoanen en oare skrikbylden.

As útgongspunt foar harren ûntdekkingstocht yn Fryslân nimt Contemporary Glory it ferhaal fan Frankenstein. Mary Shelley skreau dy iere sciencefiction klassiker yn 1818 − en mei withoefolle bewurkingen ta toanielstikken, films en searjes waard Frankenstein in ikoan yn de westerske populêre kultuer. Elkenien ken it byld fan it meunster dat bestiet út oaninoar naaide lichemsdielen en dat mei de wjerljocht ta libben brocht wurdt. It keunstnersduo nimt de oarspronklike tekst as startpunt foar harren film en ferpleatst him yn it perspektyf fan it meunster en dy syn syktocht nei oansluting.

Frankenstein is skreaun yn de neidagen fan de Europeeske Ferljochting en it begjin fan de Romantyk. Yn de makker fan it meunster, Victor Frankenstein, yn syn ambysjes en kreaasje sjogge wy beide tinkstreamingen dúdlik werom. Oan de iene kant is Frankenstein in ferhaal oer in ambisjeuze wittenskipper dy’t tinkt dat er de mystearjes fan libben en dea bleatlizze kin en mei de minsklike yntelliginsje de natuer behearskje kin. Lykwols, al gau nei’t er fan wat deads wat libbens makke hat en it meunster ta libben kommen is, wurdt Frankenstein konfrontearre mei de ûnkontrolearbere gefolgen fan syn kreaasje en it (natuer)geweld dat er dêrmei feroarsake hat.

Mary Shelley waard beynfloede troch de Ferljochte ideeën oer opfieding fan filosoof Rousseau: je wurde as minske goed berne, mar ferkeard makke. As je ferkeard behannele wurde troch de maatskippij, sille je úteinlik ek ferkeard hannelje. It meunster wurdt nei syn skepping oan syn lot oerlitten en opjage troch de maatskippij. It meunster ûnderfynt haat en iensumheid en yn syn persoanlike krisis wurdt er gewelddiedich tsjin alles wat him ôfwiist. Sawol it meunster as syn skepper wurde yn harren libben pinige troch harren emoasjes fan skuld, spyt en iensumheid, en úteinlik wurde dy emoasjes harren de baas.

Contemporary Glory sil op harren reis troch Fryslân it ferhaal Frankenstein opnij ta libben bringe, ynspirearre troch de hjoeddeistige meunsters fan Fryslân. Wat binne de skrikbylden fan de ynwenners fan Fryslân en wa binne harren skeppers? Dêrneist is it ferhaal fan it meunster oanlieding om de meunsters yn ússels te ûntdekken en te befreegjen. De tematyk fan Frankenstein iepenet petearen oer de eigen identiteit, de Oar en de maatskippij. Hoe ferhâldt men him yn Fryslân ta de mienskip as gehiel? Wat betsjut dat, Fries wêze, en wa en wat heart dêr wol of net by? Hoe wurde Friezen sjoen troch minsken fan bûten? De keunstners meitsje oan ’e hân fan dy meunsters en skrikbylden de foarming en mingeling fan identiteiten yn Fryslân sichtber. Uteinlik dûke wy yn de film tagelyk mei CG op in humoristyske en fisueel oerdiedige wize de provinsje yn wêryn’t wy allegearre sawol skeppers as meunsters binne.

Behalve Louis en Charlien herberget de brânwachtauto ek in pjut en in baby, en as reizgjend keunstselskip geane se mei de brânwachtauto op toernee en meitsje se hieltyd op lokaasje yn ’e mande mei de ynwenners kostúms, maskers en dekôrs en spylje se mei-inoar in sêne. Krekt sa’t it meunster gearstald is út ferskillende lichemsdielen, reizgje se yn in grutte bôge troch de provinsje en sammelje se yndrukken, petearen, moetingen, gearwurkingen, personaazjes en fragminten fan ferhalen. Dizze july, ridend oer in tinkbyldich spoar fan de Gouden Fyk dy’t dwers troch Fryslân rint, lizze se de earste hân oan it skript. Yn oktober folget de útwurking en lizze se al dy ferskillende dielen fan it ‘meunster’, as in libben Gesamtkunstwerk, fêst op film. Letter folget in feestlike premjêre yn Ljouwert.

Doe’t oan de keunstner Jean Cocteau frege waard hokker foarwerp oft er rêde soe as syn hûs yn ’e brân stean soe, antwurde er: it fjoer! Contemporary Glory bringt it fjoer yn ’e foarm fan keunst en teäter. Foar alle wylde entûsjastelingen, stikeme talinten, doarps-diva’s, garaazjemuzikanten, ferlegen belangstellenden, ensafierder − CG giet fan doarp nei doarp en kreëarret oeral in stikje fan in grutter gehiel. Bliuw fia de website op ’e hichte fan ‘Frankenstein in Friesland’. Wolst graach yn kontakt komme mei de keunstners? Stjoer dan in mailtsje nei contact@vhdg.nl


Design: Niels Lunter Stipe troch: Mondriaan Fonds, Gemeente Leeuwarden, Provincie Fryslan, Het Nieuwe Stads Weeshuis, VSB Fonds